Verhalen

Omrop Fryslân op locatie

Hoe't it azc yn Balk in fêst plak krigen hat yn de mienskip: "Ik ben er stil van"

Yn it azc yn Balk wenje fiifhûndert asylsikers. Hoewol’t der earst wat argewaasje wie, hat it yn de sân jier dat it der stiet in fêst plak krigen yn de Balkster mienskip.
Sa is der it azc-túnkjeteam ûntstien. Dat is in gearwurking tusken it asylsikerssintrum, wenningbouferiening Dynhus, sosjaal wurk De Kear en stichting Present.
“Wij weten dat er altijd heel veel tuinklussen liggen van mensen die dat zelf niet kunnen doen”, fertelt Anneke Nagel fan de stichting Present. “Dus kwamen we op het idee dat te combineren.”

Der wie wol ferlet fan túnark en goeie klean om yn de tún te wurkjen. Mei in crowdfundingaksje is dêr genôch jild foar ophelle. Sa kinne no de tunen fan bewenners fan Balk en De Lemmer oanpakt wurde. Het zijn mensen die zelf al een heleboel problemen hebben.
Sjouke de Boer
Lykas de tún fan Sjouke de Boer. Hy is blyn en hat ferline jier syn frou ferlern. Sy die de tún altyd. “Dus toen bleef de tuin erbij, want ik had wel andere zorgen. Die is nu opgeknapt, dus dat is weer een zorg minder.”
De buorlju soargje goed foar de Boer, mar de tún wie foar harren wat tefolle. Dus is De Boer út ‘e skroeven mei de ekstra help. “Ik wordt er stil van. Het zijn mensen die hebben zelf al een heleboel problemen. En toch zeggen ze: ‘We knappen de tuin van Sjouke de Boer op.’ Het is heel mooi, daar ben ik erg blij mee.”

De bline Sjouke de Boer is út ‘e skroeven mei syn opkreaze túntsje© Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Ien fan de mannen dy’t hurd oan it wurk is yn De Boer syn tún is Fadi. Hy komt út Palestina en is fernuvere oer it tal tunen yn Nederlân.
“It binne der in hiel protte, dat wy kinne moai helpe yn de tún”, seit hy. “Wy helpe elkenien, lykas in âlde man of frou. As se sels net de tún dwaan kinne, dan freegje se ús. En dan komme wy harren helpen.”

Fadi fan Palestina helpet mei it túnkjen© Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg

Neist de opkreaze túntsjes hat it ek noch oare foardielen. “Het mooie is dat er zoveel verbinding tussen de mensen is. Dat je elkaar beter leert begrijpen”, fertelt Nagel. “Je ziet de azc’er werken in de tuin en de mensen die het nodig hebben, worden geholpen. Dat vind ik het mooiste.”

It azc-túnkjeteam yn aksje© Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg